Provinsje Fryslân skrast mear as hûndert banen

14 maaie 2018 - 14:17

De provinsje Fryslân sil de kommende jierren flink ynkrimpe. De organisaasje skrast mear as hûndert banen. Dit hat ûnder oaren te krijen mei ynfra-projekten dy't klear binne, wêrtroch't der minder minsken nedich binne.

Der sille gjin minsken twongen ûntslein wurde. De banen ferdwine fia natuerlik ferrin.

Provinsjale begrutting nimt ôf

De provinsjale begrutting nimt de kommende jierren ôf: fan 69,3 miljoen euro dit jier nei 48,3 miljoen yn 2021. Yn totaal sil 12% of 13% fan de besetting ferdwine.

Oare getallen as twa jier lyn

Neffens deputearre Klaas Kielstra falt de reorganisaasje hiel bot ta. Twa jier lyn wie der ek in plan, mar mei hiel oare getallen. Doe soe de provinsje sa'n 200 fte skrasse, no binne dat dus 110 fte. Ien fte stiet gelyk oan ien fulltimebaan. "Sa leit der in goede balâns tusken de finansjele mooglikheden fan de provinsje en it personiel dat we dêrfoar nedich hawwe."

Trefwurden: 
Provinsje Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)