Oprop oan winkels en hoareka: "Laat hulphonden overal toe"

14 maaie 2018 - 13:41

Winkels en hoarekabedriuwen yn Ljouwert, en yn Fryslân as gehiel, moatte tagonkliker wurde foar minsken mei in helphûn. Dy missy hat Helma Verhoeven-Jacobs út Cuijk, Noard-Brabân. Yn har missy docht se alle provinsjes oan om dêr it probleem ûnder de oandacht te bringen. In helphûn moat wetlik oeral talitten wurde, mar dat bart faak net. De minsken dy't der mei rinne sjogge der net altyd handicapt út.

Kontrôle ferlieze

Sa hat Bruno Steinfort, in Ljouwerter mei PTSS, ek in helphûn. It is in landseer, in hûn dy't as dy op twa poaten stiet goed oardel meter grut is. As Bruno de kontrôle oer syn emoasjes driget te ferliezen, lilk wurdt, grypt de hûn yn. Dy springt boppe op him en soarget derfoar dat Bruno mei de hûn dwaande is en net trochslacht.

Stikkers

It feit dat hy der 'gewoan' útsjocht en in hûn hat, smyt geregeld problemen op as hy útiten wol. By guon restaurants of winkels wurdt de hûn wegere en moat útlein wurde dat it giet om in helphûn.

Dat moat oars, fynt Helma Verhoeven-Jacobs. Se dielt stikkers út oan bedriuwen dy't witte hoe't de wet wurket en wêr't de helphûnen altyd wolkom binne. Aksje is neffens har hurd nedich: "Het aantal meldingen van mensen die met een hulphond geweigerd worden, neemt alleen maar toe. En dat terwijl er een duidelijke wet is die stelt dat deze honden altijd overal welkom zijn."

(advertinsje)
(advertinsje)