Karim Rossi langer by SC Cambuur

14 maaie 2018 - 12:32

It ôfrinnend kontrakt fan Karim Rossi by SC Cambuur sil op koarte termyn ferlinge wurde. Datselde jildt foar in oare oanfaller, Tyrone Conraad, dy't syn minuten dit seizoen yn it belofteteam makke. Neffens technysk manager Foeke Booy is der noch gjin dúdlikheid oer Martijn Barto, Darren Rosheuvel en Xander Houtkoop. Dy spilers beskikke ek oer in ôfrinnend kontrakt, mar dêrmei is Cambuur noch yn petear.

Boppedat ferwachtet Booy dat de Ljouwerters gau nije spilers presintearje kinne: "Ik hoop op korte termijn. We zitten niet stil en hebben verschillende opties uitstaan."

Lêste trainingswiken

Yn de lêste trainingswiken fan it seizoen sille der ek noch in oantal spilers fan oare klups mei Cambuur meitraine. Fan moandei ôf is de Letske jeugdynternasjonal Andrejs Ciganiks yn Ljouwert op proef. Hy spilet by it twadde team fan it Dútske Schalke 04. Fan tiisdei ôf sil de 22-jierrige Eastenrykse keeper Johannes Kreidl mei de ploech fan trainer René Hake meidwaan.

(advertinsje)