Mondiaal taalkongres yn WTC

Yn it WTC Hotel yn Ljouwert is fan tongersdei oant en mei sneon de grutte ICLASP-konferinsje oer taal en sosjale psychology. Dielnimmers út de hiele wrâld, fan Fryslân oant Sina en Amearika, fersoargje mei-inoar 140 lêzings oer taal yn de sosjale kontekst.
De earste plenêre lêzing gie woansdei oer 'Meartalige minsken en meartalige identiteit' en waard fersoarge troch Durk Gorter út Baskelân. Op it kongres wurdt ek praat oer saken as 'Taal en toerisme', 'Taal yn de sûnenssoarch' en 'Meartaligens yn Europa'.
De konferinsje is fuortendaliks de aldergrutste dy't kennissintrum Mercator fan de Fryske Akademy oant no ta organisearre hat. Oare ûnderwerpen dêr't op de taalkonferinsje oer praat wurdt binne ûnder oare: 'Taallânskippen', 'In fergeliking fan ferûntskuldigingen troch Amerikanen en Sinezen', 'Benaudens om in frjemde taal te praten', 'Taalgebrûk fan metroseksuele manlju', 'Ferburgen Oekraynske minderheden yn Súdwest-Ruslân', 'Konflikten tusken skoanmemmen en skoandochters yn Taiwan' en 'Nomadysk ûnderwiis yn Yamal yn West-Siberië'.