Auto oer de kop by Balk

21 jun 2012 - 08:33

Op de Suderseewei by Balk binne tongersdei twa automobilisten ferwûne rekke by in botsing. Se botsten mei de auto's opinoar nei alle gedachten nei't de iene 18-jierrige bestjoerder yn de rjochterberm telâne kaam wie. By it bystjoeren botste er frontaal op in tsjinlizzer, bestjoerd troch in 49-jierrige man út De Lemmer. Dy syn auto sloech in pear kear oer kop en bedarre yn in greide njonken de wei.

Beide bestjoerders binne mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. It ûngelok barde om healwei achten moarns.

(advertinsje)
(advertinsje)