Besikersrekôr foar Oerrock, mei Anouk as grutte publykslûker

14 maaie 2018 - 11:35

De 19e edysje fan it Oerrockfestival yn Oerterp wie in grut sukses. Mei 32.000 besikers, ferdield oer trije dagen, wie der op 'e nij in besikersrekôr. It drokst wie it op de fergees tagonklike freedtejûn. Doe wiene der 11.000 minsken tagelyk op it terrein oan de Skieppeleane. De band De Dijk wie op dizze jûn de grutste publykslûker. Der wiene gjin ynsidinten. Op dizze jûn wie der foaral in jong publyk. De kontrôle op alkohol ûnder jongeren wie strang, mar der is net ien oanholden.

Anouk

De kaarten foar it festival wiene binnen twa oeren útferkocht. Anouk wie op Himelfeartsdei de grutte publykslûker. Sûnt de start fan Oerrock yn 2001 hat de organisaasje alle war dien om de keninginne fan de rock nei it festival te heljen. Diskear slagge dat foar it earst.

Bysûnder momint

Se gong yn petear mei it publyk. Nei it spyljen fan it nûmer 'Nobody's wife', har grutte hit doe't se 19 jier wie, sei se dat se nea tinke kinnen hie dat se dit op har 43e nochris hjir sjonge soe. In bysûnder momint, sei foarsitter Sietze Boonstra.

Risiko

Hokker artysten de folgjende edysje komme, is noch net bekend. Boonstra: ''Wy sykje yn Nederlân. Bands út it bûtenlân nimme in te grut risiko mei. Oerrock is in leuke hobby foar ús, en dan moat it ek bliuwe.'

Trefwurden: 
Oerrock Oerterp Anouk
(advertinsje)