Aksjeplan foar briedfûgels yn de Waadsee

14 maaie 2018 - 11:12

It Aksjeplan foar Briedfûgels dat dizze wike op de Waadkonferinsje yn Ljouwert presintearre wurdt, moat it libben foar 21 fûgelsoarten yn it Waadgebiet ferbetterje. Fan de tolve miljoen fûgels dy't alle jierren koarter as langer yn it Waadgebiet ferbliuwe, ha de measten it no dreech. Troch de stiging fan de seespegel spiele no elts jier nêsten fuort.

It 50 miljoen euro kostjende aksjeplan moat soargje foar it werombringen fan de dynamyk yn it gebiet. Dit bart troch it oanlizzen fan stodunen. Boppedat moat der mear briedgelegenheid komme foar soarten lykas de seefûgel en de stirns. Dat kin ûnder oare troch it oanlizzen fan eilantsjes, dêr't de fûgels ek feilich binne foar predatoaren.

De Waadkonferinsje is kommende tongersdei en freed.

(advertinsje)