Fertochte fan cybercrime foar de rjochter

14 maaie 2018 - 11:02

De man út Ljouwert dy't twa jier lyn oppakt waard foar grutskalige oplichting en identiteitsfraude fia de kompjûter, komt moarn foar de rjochter. Der binne trije dagen útlutsen foar behanneling fan de saak.

Efterdoar

De man makke websites foar bedriuwen en boude dêryn in soarte fan efterdoar, in saneamd skript. Dêrtroch koe hy achter ynloggegevens komme fan de slachtoffers. Dy brûkte hy om bygelyks de identiteit fan in Facebook-freon oer te nimmen of om guod te bestellen by webwinkels. Sa komme de slachtoffers der net achter dat se oplicht en bestellen wurde.

Gokferslaving

De fertochte hat mear as 400 minsken oplicht foar in bedrach tusken de 100 en 7.000 euro. Mei-elkoar is de Ljouwerter der in ton riker op wurden. De man brûkte it jild om syn gokferslaving te bekostigjen.

(advertinsje)