Eksamens gean wer fan start; mear kontrôles op smartphones

14 maaie 2018 - 08:45

Wiken fan stress en sliepeleaze nachten. Dat stiet de tûzenen Fryske bern te wachtsjen dy't moandei begjinne mei harren eineksamens. De skoallen sille dit jier ekstra goed lette op it brûken fan smartphones en smartwatches. Want dy kinne brûkt wurde om te spiken en dat is fansels net de bedoeling.

Smartphones

Op de skoallen fan skoallemienskip OSG Sevenwolden binne se tige wach op fraude. "Wij controleren altijd op smartphones en smartwatches. De leerlingen worden nog net niet gefouilleerd, maar we zien er op toe dat ze alles inleveren. Uiteraard controleren we ook op spiekbriefjes", seit Roelie Popping fan OSG Sevenwolden.

Eksamentraining

Om de learlingen goed ta te rieden op de eksamens, hawwe se op de skoallen fan OSG Sevenwolden lessen oanbean yn de maaiefakânsje. Yn dy wike krigen de learlingen in eksamentraining. Roelie Popping fan OSG Sevenwolden: "Wij hadden twee weken vakantie, dus daar kon best één weekje vanaf. We hopen dat dit een positief resultaat heeft op de examens."

Op it vmbo wurdt moandei úteinset mei Ingelsk of Nederlânsk. De havo begjint mei natuerkunde en it vwo mei wiskunde.

Trefwurden: 
eineksamen
(advertinsje)
(advertinsje)