Kollum: "Beppe’s ûnderbroek"

14 maaie 2018 - 07:34

"Foar it earst yn de skiednis sitte der gjin kristlike partijen yn it kolleezje fan de gemeente Smellingerlân. In histoarysk gegeven, dêr't guon minsken hiel bliid mei binne en oaren just hiel teloarsteld oer binne. Wat myn persoanlike miening ek is, feit is yn elk gefal dat de keapsnein der no fêst en seker komme sil. Dêr wie ik altyd grut foarstanner fan, oant in pear wike lyn.

Op in freedtemiddei om in oere as fiif kuieren wy troch it sintrum fan Drachten. En der wie werklik gjin kop op 'e dyk. It wie gjin reinerige dei of sa, gjin stoarm of tsien graden ûnder nul. Gewoan in freedtemiddei lykas de ôfrûne wike. It perfekte tiidstip om noch efkes it sintrum yn foardat it wykein begjint. Mar der wie net ien dy't dat plan betocht hie. Allinnich wy.

Kuierjend troch de winkelstrjitten foel it my op dat der in hiel soad winkels leech stean. Dat makket in winkelstrjitte der perfoarst net geselliger op. Leechstân is it gefolch fan de striid tsjin it ynternet, dy't benammen foar lytse ûndernimmers hieltyd dreger wurdt. Sa prate ik in skoftke lyn mei in ûndernimster yn troujurken. Se fertelde dat se noait de namme fan it merk of de maat trochmailt as de breid dêr om freget. Simpelwei omdat sa'n famke de jurk dan dêrnei bestelt op ynternet. Foar krékt wat minder sinten. It giet somtiden mar om fyftich euro, in skeintsje ast sjochst nei de totale kosten fan in trouwerij. En dochs helje se de jurk leaver fan ynternet as út de winkel.

As ik dat hear dan tink ik: dat mienst net! Mar ik moat bekenne: ik bin ek in ynternetshopper. Krekt as kollumniste Hilda Talsma ha ik der in hekel oan om my te ferklaaien yn sa'n lyts pashokje yn de winkel. Seker as it giet om broeken, want dan moast de hiele boel útskuorre. Earst de skuon, dan dyn eigen broek en dan komst der altyd achter datst krekt dy dei dyn âlde beppe-ûnderbroek oanlutsen hast. Sa'n ûnderbroekje dat hearlik sit, mar dêr't de raffels oan bongelje.

En dus stiest dysels dêr yn dyn suterich ûnderbroekje yn in nije broek te wrimeljen. Elkenien kin dy sjen, want de gerdinen fan sa'n pashokje hingje altyd heal iepen. En jawis: dy earste broek past foar gjin meter. Hast noch in twadden ien meinaam, mar ek dêr krijst dyn batte net yn. Dus moatst wer de winkel yn om in gruttere maat. Dat kin fansels net yn dyn beppe-ûnderbroek, dus earst de eigen klean wer oan. Yntusken hast it swit op 'e kop en yn de bilnaad stean.

Dêrom bestel ik alles tsjintwurdich online, kin ik rêstich de boel passe op 'e sliepkeamer om dêrnei werom te stjoeren wat ik net hoech. Mar ik snap ek wol dat dit foar ûndernimmers mei in winkel funest is. Dus as ik eamelje oer de lege winkelstrjitten yn Drachten en wol dat der in keapsnein komt, dan moat ik kappe mei online shoppen. Dan moat ik yn plak fan achter de kompjûter te shoppen wer âlderwetsk myn klean útsykje yn de winkel. En dan net yn in winkel yn Snits of Ljouwert, mar in winkel yn myn eigen gemeente Smellingerlân.

Om mysels de ellinde fan it pashokje te besparjen, ha 'k wat betocht. Ik bestel earst in pear broekjes online en pas se thús. Hearlik yn myn fertroude beppe-ûnderbroek. Ik sjoch hokker my wol wat lykje en skriuw it merk en de maat op. Dêrnei stjoer ik de hiele boel werom en helje ik ta beslút deselde broeken op yn de winkel. It is in hiele ûndernimming, mar gelokkich ha ik dêr snein aanst de hiele dei de tiid foar."

(advertinsje)
(advertinsje)