Westra makket minsken bliid

20 jun 2012 - 23:54

Michel Cornelisse, de ploechlieder fan Lieuwe Westra by Vancansoleil-DCM, wie woansdeitejûn út 'e skroeven nei de winst fan syn pupil yn Emmen op it Nederlânsk kampioenskip. Westra wûn de titel mei in ferskil fan acht sekonden op Lars Boom. De gearwurking tusken ploechlieder en hurdfytser is goed.

Bûnscoach Leo van Vliet hie ek in goed sin. Hy seach dat de man dy't er al oanwiisd hie foar de Olympyske tiidrit yn Londen op 1 augustus de terjochte kampioen fan Nederlân waard.

(advertinsje)