Deade by FrieslandCampina

03 nov 2011 - 09:16

De man dy't tongersdei by it suvelfabryk fan Friesland Campina yn Ljouwert beknypt rekke ûnder in izeren plaat is oan syn ferwûnings ferstoarn. Tongersdei nei healwei tsienen barde it ûngelok by bouwurksumheden.

By it fabryk oan de Pieter Stuyvesantwei wurdt in droechtoer boud. De helptsjinsten rukten manmachtich út om de man te befrijen. Ek de traumahelikopter kaam derby om help te ferlienen, mar it slagge net de man te rêden.

(advertinsje)