Bemanning Sterke Yerke knapt monumint op Bonêre op

14 maaie 2018 - 07:24
  • Wilfried de Jong oer de opknapbeurt op Bonêre

In oantal âld-bemanningsleden fan de Sterke Yerke reizget oer in pear dagen ôf nei Bonêre om dêr it Sterke Yerke monumint op te knappen. Der wiene earder ek al plannen foar, mar no giet it echt oan.

Fjouwer jonge Friezen stutsen yn 1979 mei in sels boud flot de Atlantyske Oseaan oer. Mei de tocht woene se ûnder oaren omtinken freegje foar de wetterfersmoarging op see. De tocht einige goed 100 kilometer fan de kust fan Bonêre, doe't it flot sonk.

Der waard dêrnei in monumint makke op it eilân foar de Sterke Yerke. Dit is no lykwol ta oan in flinke opknapbeurt.

Mear ynformaasje oer de legindaryske reis fan de Sterke Yerke yn 1979 is hjir te finen.

Trefwurden: 
Sterke Yerke Bonêre flot
(advertinsje)