Byldskermen meinaam by ynbraak yn skoalle Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in skoalle yn Ljouwert binne byldskermen meinaam. De ynbraak wie yn de nacht fan freed op sneon yn de skoalle oan Achter de Hoven. It rút wie fernield by de ynbraak en it alarm gie ôf, mar de plysje hat de ynbrekkers net fûn.
Yn Wytgaard binne sieraden meinaam by in ynbraak. Ek dêr kaam de ynbrekker binnen troch in rút te fernielen. Oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert makke in ynbrekker in beurs bút.
Fierder is in hûs oan de Havanklaan trochsocht troch in ynbrekker en hat ien besocht om yn te brekken yn in hûs oan de Jornsmastate.