Stekflam yn pantsje rys soarget foar brânwûnen yn Drachten

13 maaie 2018 - 19:18

In stekflam yn in pantsje mei rys hat sneintemiddei in koarte keukenbrân feroarsake. Dat barde oan De Bank yn Drachten.

By it brantsje soe ien fan de bewenners brânwûnen oprûn hawwe. Dêrom kaam der in ambulânse by. Ek de wazemkape rekke skansearre troch de stekflam.

De brân wie fierder gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
brânwûnen Drachten
(advertinsje)