Nyck de Vries falt al betiid út yn twadde race yn Barcelona

13 maaie 2018 - 18:39

Formule 2-koereur Nyck de Vries hat syn goede race fan sneon yn Barcelona gjin goed ferfolch jaan kind. Snein bedarre de autokoereur út Twellingea yn de sprintrace al betiid njonken de baan op it Circuit de Catalunya.

Mislearre ynhelaksje

Dêrnei begûn De Vries noch wol oan in ynhelrace, mar by in mislearre ynhelaksje foel er dochs út. De Britsk-Koreaanske Jack Aitkan wûn de race fan snein.

Nei seis races stiet De Vries fjirde yn it klassemint mei 46 punten. Syn efterstân op klassemintslieder Lando Norris is 34 punten.

Monako

Oer twa wiken binne de folgjende twa races. Dan komme de koereurs yn aksje yn Monako. Dêr wûn De Vries foarich jier syn earste en oant no ta iennige Formule 2-race.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2
(advertinsje)
(advertinsje)