Partoer Marten Bergsma wint Sint-Anne mei alles oan 'e hang

It partoer fan Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Jan Schurer hat snein de frijeformaasjepartij yn Sint-Anne wûn. Sy wûnen yn in tige spannende finale fan Auke Boomsma, Hendrik Bouwhuis en Lars Pieter van Straten. Bergsma waard útroppen ta kening.
Boppe nei triktrak
Boomsma en dy hienen in foarsprong fan 3-1, mar dêrnei gie it lykop. Sa lang sels, dat it 5-5 en 6-6 waard. Nei in triktrak sloech Bergsma de bal boppe en dêrmei besoarge hy syn partoer de oerwinning.
De lytse preemje wie foar Peter van Zuiden (dy't yn de twadde omloop ynfallen wie foar de blessearre Bauke Triemstra), Dylan Drent en Hendrik Kootstra.
Ferrassende finalisten
Dat de partoeren fan Bergsma en Boomsma yn de finale stienen, wie in ferrassing. "Er zijn een aantal parturen afgegaan waarvan je het niet verwacht", sei Pieter Jan Plat fan it winnende partoer. "Uiteindelijk staan de parturen in de finale die op dat moment het best kaatsen."
Soad spanning
Yn de finale wie it nivo net altyd like heech. "In de finale was er voor beide partijen veel spanning, waardoor beide parturen te veel fouten maakten. Wij hadden gevoelsmatig de hele tijd de overhand, maar we slaagden er niet in om uit te lopen. Daardoor bleef het spannend. Uiteindelijk werd het zelfs 5-5 en 6-6."
"Hij had 'm, bliksem!"
Mei alles oan 'e hang wie der sels in triktrak. "Ik raak 'm zelf", sei Plat, "maar ik wist niet of hij het zou redden. Toen werd hij net gekeerd. En ik zag het niet aankomen, maar Marten had 'm wel, bliksem!"
In goed begjin dus foar it partoer fan Bergsma, Plat en Schurer. "Marten heeft veel power, ik de ervaring en Jan is heel degelijk", leit Plat út. "Dus het is wat een combinatie. Dit de tweede wedstrijd die we kaatsen en zo'n resultaat doet alleen maar goed natuurlijk."