Sybrandy-sussen en Zeinstra winne keatsen yn Kimswert

13 maaie 2018 - 18:13

De keatsers Nynke Sybrandy, Wiljo Sybrandy en Marrit Zeinstra hawwe snein de frijeformaasjepartij yn Kimswert wûn. Yn de finale wienen se mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol. Dat partoer stie yn de finale noch wol mei 3-2 foar, mar seagen dat Sybrandy en dy dêrnei derop en deroer gienen.

Njonken de krânsen, medaljes en de jildprizen krigen de trije keatsters fan it winnende partoer ek noch in goudkleurige keatsbal.

De tredde priis wie foar Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Sy wûnen mei 5-2 6-4 fan Marije van der Meer, Klasine Huistra en Anne Monfils.

(advertinsje)