Stonecrobs wint Liet 2018 mei "Yn frijheid kinsto libje"

13 maaie 2018 - 17:52

De band Stonecrobs hat snein it Fryske sjongfestival Liet 2018 wûn. Stonecrobs bestiet út Durk Sybesma, Freerk Siemen Hospes, Bruno Rummler en Johannes Hospes. Sy spilen it nûmer Yn frijheid kinsto libje.

Rjocht yn it hert

Stonecrobs wie ien fan de tsien finalisten fan Liet 2018 dy't snein yn Neushoorn yn Ljouwert stienen. "Se hienen in hiel moaie gearsang, hiel spesjaal, fjouwer jonges op in rige", sei sjueryfoarsitter Jan Tekstra. "Se hienen in goeie ynteraksje, de stimmen kleuren moai byinoar. Rjocht yn it hert."

Hielendal prachtich

Freerk Siemen Hospes hie net ferwachte dat syn band winne soe. "We skreaunen altyd in hiel soad yn it Ingelsk. Mar it Frysk is dochs ús eigen taal, dus we seinen: litte we it ris besykje. En dan hoopje je allinnich mar dat minsken it moai fine. As je dan winne, dan is it hielendal prachtich."

Twadde en tredde plak

Berend Riemersma einige op it twadde plak en Klaske waard tredde.

Liet International XXL

Stonecrobs sil no Fryslân ek op 23 maaie fertsjinwurdigje by Liet International XXL. Dêr komme tal fan muzikanten út ferskate minderheidstalen yn Europa. Dy finale is op 'e nij yn Neushoorn.

Trefwurden: 
Stonecrobs Liet Liet 2018
(advertinsje)