Djoer thúsferlies Snits Wyt Swart tsjin direkte konkurrint

13 maaie 2018 - 16:12

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat snein minne saken dien yn de striid tsjin neikompetysjefuotbal: thús ferlear de ploech mei 1-0 fan direkte konkurrint De Bataven.

Nei in saaie earste helte, lieten de twa ploegen it publyk nei it skoft mear sjen. Matts Bruining soarge hast foar in Snitser foarsprong, mar De Bataven-keeper Jeroen Wels tikke de bal noch krekt fuort.

Yn de santichste minút lei de bal wol efter de keeper, mar dat feest gie net troch fanwege in oertreding. In minút letter skoarde De Bataven wol. Rob Aarntzen makke de moaie iepeningstreffer. En dat wie ek direkt de lêste goal fan de middei, nettsjinsteande noch in kâns foar Snits yn de slotfaze.

Gjin goede saken

Snits en De Bataven hienen likefolle punten en dus hienen de Snitsers goede saken dwaan kind. No rint De Bataven trije punten út en RKHVV docht itselde. Mei noch twa wedstriden te gean stiet Snits trettjinde. Dat soe nei de lêste wedstriid betsjutte dat Snits de neikompetysje yngiet.

(advertinsje)