Degradaasje hast in feit foar VV Hearrenfean nei ferlies

13 maaie 2018 - 16:02

Allinnich in wûnder kin der noch foar soargje dat VV Hearrenfean sneinshaadklasser bliuwt. De ploech fan Marcel Valk gie snein mei 3-1 ûnderút by RKHVV út it Gelderske Huissen. Yn de lêste twa wedstriden moat Hearrenfean no in ferskil fan seis punten goedmeitsje om kâns te hawwen op hanthavenjen.

Yn Huissen kaam Hearrenfean noch wol op foarsprong. Thom van Lingen soarge nei in kertier spyljen foar de 0-1 en dat wie ek by it skoft noch de stân. Yn de twadde helte kaam RKHVV lykwols werom fia Lennart Rekmans, Jelmer Goedhart en in eigen goal fan de Feansters.

Hearrenfean spilet noch tsjin degradant Jong Achilles'29 en Purmersteijn. Allinnich as Hearrenfean beide wedstriden wint en konkurrint DHC ferliest noch twa kear, soe Hearrenfean him hanthavenje kinne.

(advertinsje)