Ald-FNP-foarsitter: Feangreideplan opposysje is in goed plan

13 maaie 2018 - 15:08

Ald-foarsitter fan de FNP Ultsje Hosper betitelet it feangreideplan fan de opposysjepartijen yn de Fryske steaten as 'in goed plan'.

Hannen ynienslaan

"It moat oars yn dat gebiet, dit kin sa net trochgean. It wetterpeil en dêrmei de biodiversiteit moatte omheech. Ik soe graach sjen dat natuerorganisaasjes en de biologyske lânbou de hannen ynienslaan om dit feangreidegebiet te behâlden", seit Hosper.

De diskusje leit gefoelich, om't de FNP diel út makket fan de koälysje, mei Johannes Kramer as deputearre.

Stipe fan Stella van Gent

Ultsje Hosper, dy't ek âld-direkteur fan It Fryske Gea is, die syn útspraken yn it Omrop Fryslân-programma Buro de Vries. PvdA-wethâlder Stella van Gent fan Súdwest-Fryslân stipe Hosper en neamde dit in foarbyld wêryn't de oerheid yngripe moat en it net oars kin dan dat it fan boppe ôf oplein wurdt. CDA-keamerlid Harry van der Molen neamde it plan op 'e nij in "dom plan wêrmei't in soad jild fuortsmiten wurdt".

(advertinsje)