Ekstra treinútfal komt troch it waarme waar

13 maaie 2018 - 14:43

It waarme waar fan de ôfrûne twa wiken hat soarge foar in soad ekstra treinútfal by Arriva yn Fryslân en Grins. In technysk ûnderdiel fan de trein, de saneamde stroomrichter, kin min oer de hommelse feroarings yn temperatuer. Dat soarget derfoar dat de motor fan de trein útfalle kin.

15 tûzen euro

Arriva is dêrom fan doel om alle stroomrichters te ferfangen foar nije eksimplaren, mar it kostet it bedriuw noch aardich wat jild. Foar eltse trein giet it om op syn minst 15 tûzen euro.

Levertiid falt ôf

Ek kostet it mear tiid as se earst ferwachte hiene. De levertiid fan de stroomrichters falt bot ôf en dêrtroch is noch net te foarsizzen wannear't de problemen krekt oer wêze sille, sa seit in wurdfierder fan it bedriuw.

Wol binnen de noarmen

Neffens Arriva bliuwt de treinútfal wol binnen de noarmen dy't ôfpraat binne mei de provinsje.

Trefwurden: 
treinsteuring Arriva
(advertinsje)