Grutte Pier bringt bier fan reinwetter op de merk

13 maaie 2018 - 14:12

De Ljouwerter brouwerij Grutte Pier hat dit wykein in wol hiel bysûnder bierke op de merk brocht. It bier mei de namme Friese Boezem wurdt nammentlik makke fan reinwetter. It bier is ûntwikkele mei it bedriuw Rainbeer dat ek al twa oare reinbieren op de merk brocht hat.

Neffens Rainbeer reint it troch de klimaatferoaring hieltyd mear yn Nederlân en wurdt der te min dien mei it ekstra wetter út de loft. Der wurdt foarearst tûzen liter bier makke. Oft der noch mear makke wurdt, hinget ûnder oare ôf fan it waar.

(advertinsje)
(advertinsje)