Grut keunstprojekt by Sleat siket frijwilligers

13 maaie 2018 - 13:13

It keunstprojekt The Colorfield Performance hat driuwend ferlet fan frijwilligers. It grutte projekt set kommende tiisdei útein by Sleat, mar kin noch flink wat helpers brûke foar alderhande putsjes, meldt de organisaasje.

The Colorfield Performance is in gearwurkingsprojekt fan keunstners yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Inisjatyfnimmer is de Snitser keunstner Dirk Hakze. It is de bedoeling om mei hûnderten skilderijen in kleurryk fjild yn de foarm fan in trijehoeke te meitsjen yn de greiden by Sleat.

It projekt rint oant 30 septimber. Minsken dy't meihelpe wolle, kinne harren oanmelde fia de webside fan de organisaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)