Thewis Hobma oermachtich by fierljeppen yn Bûtenpost

13 maaie 2018 - 12:03

Thewis Hobma fan Harns hat sneontejûn de fierljepwedstriid yn Bûtenpost wûn. By de senioaren pakte er de oerwinning mei in sprong fan 20.26 meter. Opmerklik wie dat dat syn alderearste sprong wie en dêrmei wie er ek de iennichste dy't oer de tweintich meter ljepte. Hannes Scherjon fan Noardburgum waard twadde mei 19.87 meter en as tredde einige Ysbrand Galama út Warkum mei 19.21 meter.

By de froulju gie de winst nei Melanie Heins út Warkum. Har lêste sprong yn de finale wie mei 14.93 meter rom foldwaande foar it earste plak. Mei mear as in meter ferskil waard Akke Dijkstra fan Kollum twadde (13.62) en Boukje de Boer fan It Heidenskip pakte it tredde plak (13.15).

By de junioaren wie Freark Kramer fan It Heidenskip oermachtich (18.31), folge troch Rutger Piersma út Molkwar (17.04) en Wietse Nauta út Drylts (16.67).

De winst by de jonges gie nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip (16.22). It twadde plak wie foar Wisse Broekstra út Tsjummearum (15.17) en as tredde einige Bouwe Westert fan Snits (14.29).

Femke Rispens út Niehove wûn by de famkes (13.37). Tirza Boschma fan Drylts pakte it twadde plak (13.28) en Henrieke Wijnstra út Snits waard tredde (11.45).

Trefwurden: 
fierljeppen Bûtenpost
(advertinsje)
(advertinsje)