Boarplatfoarm boppe Skiermûntseach wurdt fuortsleept

13 maaie 2018 - 10:08

It boarplatfoarm fan Oranje-Nassau Energie yn de Noardsee boppe Skiermûntseach wurdt snein fuortsleept. Enerzjybedriuw Hansa begûn trije moanne lyn mei proefboarringen yn it gebiet, nei't earder bliken die dat der mooglik grutte gasfjilden yn de boaiem sitte.

De fergunning foar de proefboarringen fan Hansa is yn de tuskentiid oernaam troch Oranje-Nassau Energie. Der is no ek gas fûn, mar hoefolle en ûnder hokker omstannichheden, moat noch ûndersocht wurde. Doe't it platfoarm op 15 febrewaris pleatst waard, wie der in besettingsaksje troch Greenpeace. De plysje makke in dei letter in ein oan de aksje.

(advertinsje)
(advertinsje)