Reza Ghoochannejhad liket SC Hearrenfean te ferlitten

Reza Ghoochannejhad © Omrop Fryslân
Reza Ghoochannejhad hat sneontejûn nei alle gedachten syn lêste wedstriid foar SC Hearrenfean fuotballe. "Jullie zien mij terug, maar vermoedelijk niet bij Heerenveen", sei de oanfaller foar de kamera fan FOX Sports nei de nederlaach fan syn ploech tsjin FC Utrecht yn de play-offs om Europeesk fuotbal.
It liket derop dat Ghoochannejhad de oerstap makket nei in oare klup yn de earedifyzje, mar dêr woe er fierder neat oer kwyt. Ghoochannejhad folge de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean en gie yn 2009 nei Go Ahead Eagles. Dêrnei spile er ûnder oare foar Standard Luik, Charlton Athletic en Kuwait SC en Al-Wakrah. Twa jier lyn kaam er werom by SC Hearrenfean.