Meardere skiep oanfallen yn De Knipe

(fotofoarbyld)
Yn De Knipe binne yn de nacht fan freed op sneon meardere skiep oanfallen. Mooglik hat in wolf se te pakken hân, meldt de plysje fan it Hearrenfean op Twitter. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien. De lêste tiid binne der faker meldingen oer wolven.
Mids april waard yn de súdeasthoeke fan Fryslân mooglik in wolf sjoen. Yn dy omkriten wiene sân skiep deabiten. As it hjir ek echt om in wolf gie, wurdt moandei bekend makke. Dan is de útslach fan it DNA-ûndersyk der.
Neffens boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear is de súdeasthoeke fan Fryslân in ideaal gebiet foar de wolf. Der is iepen fjild om te jeien en der binne genôch plakken om te skûljen, seit er.