Streppel oer net heljen play-offfinale: "Ongelooflijk zuur"

13 maaie 2018 - 08:20

"Ongelooflijk zuur en ongelooflijk zonde." Dat seit trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean oer it net heljen fan de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal. Nei de 4-3 oerwinning yn de earste wedstriid tsjin FC Utrecht, gie Hearrenfean sneontejûn yn it twadde duel mei 2-1 ûnderút tsjin de Domstedelingen. Dy geane no op basis fan útdoelpunten nei de finale, wêryn't Vitesse de tsjinstanner is.

"We hadden na de eerste wedstrijd op een grotere voorsprong moeten staan. Dat gebeurde niet, dus dan weet je dat één doelpunt fataal kan zijn", seit Streppel. "De eerste de beste kans (foar FC Utrecht, red.) zat er ook gelijk in. De verdediging was niet helemaal goed, we gingen te snel naar de grond, en dan kom je met 1-0 achter."

Achterstân

Dy achterstân waard noch grutter yn de twadde helte, doe't Mark van der Maarel de skoare foar FC Utrecht ferdûbele. Hearrenfeanspiler Marco Rojas brocht it ferskil letter werom ta ien doelpunt, mar dat wie noch hieltyd te min om de finale fan de play-offs te heljen.

De Friezen hiene in twadde goal nedich en giene oant de ein fan de wedstriid ta fol yn de oanfal, mar sûnder resultaat. Streppel sjocht dan ek mei mingde gefoelens werom op it duel. "We waren dichtbij. Ik heb de jongens ook een compliment gemaakt, omdat ze hebben gestreden tot de laatste snik."

Ofskied

Foar Jurgen Streppel sit de tiid by Hearrenfean derop. Nei twa jier nimt de trainer mei in grutsk gefoel ôfskied fan de klup. "Ik kijk op twee hele mooie seizoenen terug. We hebben in twee jaar tijd met zijn allen de doelstelling behaald: de play-offs. Dan wil je die winnen ook. Dat doet pijn, dat is vervelend. Maar ik ben trots dat ik hier heb mogen werken."

(advertinsje)