Lieuwe Westra tiidritkampioen

20 jun 2012 - 22:47

Lieuwe Westra is woansdeitejûn Nederlânsk kampioen tiidriden wurden. Yn Emmen pakte de 29-jierrige Tynster nei 45 kilometer syn earste nasjonale titel troch Lars Boom en Niki Terpstra foar te bliuwen. De striid tusken dy trije mannen wie spannend. Healwei hie Westra ien sekonde foarsprong op Terpstra en fiif op Boom. Op de einsteek wie it ferskil mei Boom acht tellen en mei Terpstra 21.

Lieuwe Westra wie fier foar it NK troch bûnscoach Leo van Vliet al oanwiisd foar de Olympyske tiidrit yn Londen op 1 augustus.

By de froulju gong de titel nei Ellen van Dijk, foar Annemiek van Vleuten en Iris Slappendel. De 18-jierrige Anouska Koster fan De Westereen waard nei goed 22 kilometer kreas sânde.

(advertinsje)