Gjin play-offfinale SC Hearrenfean nei ferlies yn Utrecht

12 maaie 2018 - 22:46

SC Hearrenfean is der sneontejûn net yn slagge de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal te heljen. Nei de oerwinning yn de earste wedstriid (4-3), gie de ploech fan trainer Jurgen Streppel yn it twadde duel ûnderút yn Utrecht (2-1). Op basis fan útdoelpunten geane de Domstedelingen nei de finale, wêryn't Vitesse de tsjinstanner is.

It earste gefaar fan de wedstriid kaam al nei trije minuten spyljen fan de foet fan Arber Zeneli, mar de Kosovaar skeat de bal oer de goal fan Utrecht-keeper David Jensen. Healwei de earste helte wie ferdigener en âld-Utrecht-spiler Dave Bulthuis ticht by in treffer, mar syn kopbal gie krekt njonken.

Keeperswiksel

Even letter krige Hearrenfean in domper te ferwurkjen doe't doelman Martin Hansen ûngelokkich op de grûn foel nei in botsing mei Sean Klaiber. De Deenske keeper koe net fierder en waard ferfongen troch Wouter van der Steen.

In nije domper barde fiif minuten foar it skoft. Rico Strieder helle fan krekt bûten it sechtjinmetergebiet út, seach de bal efter Van der Steen yn de goal ferdwinen en sette dêrmei Hearrenfean op in 1-0 efterstân.

Doelpunt Rojas

Nei de tee kaam it der noch minder út te sjen foar Hearrenfean doe't Mark van der Maarel de skoare ferdûbele. Dizze stân betsjutte útskeakeling foar Hearrenfean en dus moast de efterfolging ynset wurde. Marco Rojas, ynfallen foar Pelle van Amersfoort, bracht it ferskil werom ta ien doelpunt, mar dat wie noch hieltyd te min om de finale fan de play-offs te heljen.

Hearrenfean hie in twadde goal nedich en gie fol op de oanfal spyljen. Ynfaller Jizz Hornkamp wie tichtby, mar seach syn kopbal keard wurden troch Jensen. Hearrenfean sette noch wol oan, mar koe net mear foarkomme dat útskeakeling yn de play-offs in feit waard.

FC Utrecht - SC Hearrenfean 2-1 (1-0). 39. Rico Strieder 1-0, 58. Mark van der Maarel 2-0, 78. Rojas 2-1. Giele kaarten: Sander van de Streek, Willem Janssen, Ramon Leeuwin (FC Utrecht), Denzel Dumfries (SC Hearrenfean).

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen (28. Van der Steen); Dumfries, Høegh, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Van Amersfoort (72. Rojas), Kobayashi (63. Hornkamp); Ghoochannejhad, Veerman, Zeneli.

(advertinsje)