Reedrydstel Jorrit en Heather Bergsma wurdt heit en mem

12 maaie 2018 - 22:18

Jorrit en Heather Bergsma wurde heit en mem. It reedrydstel út Aldeboarn kundiget op sosjale media oan dat se ynkoarten in poppe ferwachtsje. Wannear't se krekt âlden wurde, meitsje se fierder net bekend.

Heather Bergsma makke ferline moanne bekend dat se in sabbatical fan seker twa jier nimt.

(advertinsje)