Brânwacht fart mei boaten nei brân op wenboat yn Earnewâld

12 maaie 2018 - 21:21

De brânwacht fan Burgum en Grou is sneontejûn mei boaten nei in brân op in wenboat yn Earnewâld fearn. Op de wenboat wiene meardere minsken oanwêzich, mar dy binne yntusken allegear fan board, sa lit de brânwacht witte. Wol moast ien persoan troch ambulânsepersoniel neisjoen wurde, omdat dizze reek ynazeme hie.

Op de wenboat wie gjin gasoansluting oanwêzich, mar leine wol gasflessen. De brânwacht wie dêrom ekstra alert. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân brânwacht wenboat
(advertinsje)
(advertinsje)