SCO wint fan Groen Geel en hâldt kâns op kampioenskip

12 maaie 2018 - 20:50

De kuorballers fan SCO hawwe goede saken dien yn de striid om it kampioenskip yn de haadklasse A. Nei it ferlies ferline wike tsjin Avanti/Flexcom (20-15), wie de ploech út Aldeholtpea sneon wol te sterk foar Groen Geel út Wormer. Yn Aldeholtpea waard it 18-16 foar it team fan trainer Aegle Frieswijk.

SCO stiet, mei noch twa wedstriden te gean en njoggentjin punten, op it tredde plak. Avanti út Pijnacker stiet twadde en hat like folle punten as SCO. Koprinner Tempo út Alphen aan den Rijn hat twa punten mear as SCO en Avanti.

Op 26 maaie spilet SCO thús tsjin Oost-Arnhem en op 3 juny út tsjin HKV/Ons Eibernest.

Trefwurden: 
SCO Groen Geel kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)