Tennisser Arends wint challengertoernoai yn Portugal

Tennisser Sander Arends út Ljouwert © Orange Pictures
Sander Arends út Ljouwert hat sneon tegearre mei syn Kanadeeske tennispartner Adil Shamasdin it challengertoernoai yn it Portugeeske Braga wûn. Arends en Shamasdin wiene yn de finale yn twa sets te sterk foar Ariel Behar en Miguel-Angel Reyes-Varela.
Arends en Shamasdin wiene al binnen in oere klear mei Behar en Reyes-Varela. De earste set einige yn 6-2 en de twadde set gie mei 6-1 nei it Frysk-Kanadeeske duo.
Troch dizze oerwinning stiet Arends no 68ste op de wrâldranglist.