Nasjonale skeelertitels foar Groenewoud en Kamminga

12 maaie 2018 - 19:45

Marijke Groenewoud en Manon Kamminga hawwe sneon yn Heerde by de Nederlânske kampioenskippen skeelerjen beide in nasjonale titel ferovere. Groenewoud, ôfkomstich út Hallum, wie op it ûnderdiel 'one lap' te sterk foar Elisa Dul en Maya de Jong, dy't respektyflik it sulver en brûns foar harren rekken namen.

Goud wie der foar Manon Kamminga. De sportster út Haulerwyk wie de bêste op de puntekoers. Sy bleau op dat ûnderdiel ûnder oaren Gerline Crediet en Elsemieke van Maaren, de úteinlike nûmers twa en trije, foar.

(advertinsje)
(advertinsje)