Van Meel gjin assistint mear

© Omrop Fryslân
Marc van Meel is net langer assistint-trainer by Harkemase Boys. Neffens foarsitter Pieter Spinder wie der gjin klik mei haadtrainer Wieb Rodenhuis. 'Se koene net mei elkoar opsjitte en der wie in ûnwurkbere situaasje ûntstien', sa seit Spinder.
Wat der krekt bard is wolle sawol Spinder as Rodenhuis net kwyt. 'Wij zijn heel verschillende types, het paste niet bij elkaar', is it iennige dat Rodenhuis kwyt wol. De klup siket no in oare funksje foar Van Meel.