De Vries komt yn Barcelona krekt tekoart foar earste F2-sege

Nyck de Vries © Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
Autokoereur Nyck de Vries is sneontemiddei yn de Formule 2 twadde wurden op it sirkwy fan Barcelona. De 23-jierrige Twellingeaster fjochte in spannende striid út mei Georg Russell, mar kaam úteinlik krekt tekoart om de koereur út Grut-Brittannië foar te bliuwen. De Vries bleau wol Lando Norris, in oare Brit, foar.
Barcelona wie it toaniel fan de fiifde en sechsde race fan it seizoen.