Opposysje steaten rint fuort

20 jun 2012 - 22:37

De folsleine opposysje yn provinsjale steaten driget takom wike út de steategearkomste yn Ljouwert fuort te rinnen. Dat waard woansdei dúdlik by de behanneling fan de saneamde kadernota yn de steatekommisje.

Yn dy nota stean wichtige besluten dy't in soad jild kostje of opsmite lykas it skrassen fan jild foar in spoarline tusken It Hearrenfean en Grins en it ynpassen fan de Sintrale As yn it lânskip. Mar neffens de opposysje doocht de finansjele ûnderbouwing fan it stik net.

Boppedat soe it net mooglik wêze no oer de kadernota te praten as de diskusje oer it skrassen fan it spoar tusken It Hearrenfean en Grins oer de simmer hinne tild wurdt lykas it CDA wol.

(advertinsje)
(advertinsje)