Sylster Marit Bouwmeester prolongearret Europeeske titel

Marit Bouwmeester is sneontemiddei yn it Frânske La Rochelle Europeesk kampioen wurden yn de Laser Radial-klasse. De 29-jierrige sylster út Warten waard yn de lêste race fan it kampioenskip sechsde en dat wie goed genôch foar har twadde Europeeske titel op rige.
"Hjoed wie in belangrike dei", sei Bouwmeester nei ôfrin fan de beslissende lêste race. "It is net it pykmomint fan it seizoen, mar in Europeeske titel derby is altyd goed."