Harkemase Boys en 'keeper' Beimers net lâns Jong Almere City

12 maaie 2018 - 16:52

Harkemase Boys hat sneontemiddei op sportpark De Bosk lykspile tsjin Jong Almere City (1-1). Beide doelpunten foelen foar it skoft en kamen beide fan de foet fan de besikende klup. Harkemase Boys spile de wedstriid út mei spiler Berwout Beimers op de goal.

Healwei de earste helte kaam Harkemase Boys op foarsprong, troch in eigen doelpunt fan Tarik Evre. De spiler fan Almere City wurke in foarset fan Dennis van Duinen efter syn eigen keeper. Lang duorre dy freugde net, want in pear minuten letter sette Khalid Tadmine fan de besikers de lykmakker op it skoareboerd.

Keeper Beimers

Yn de twadde helte foelen gjin doelpunten mear, wêrtroch't beide ploegen op de ranglist ien punt byskriuwe mochten. Opfallend wie noch wol dat Harkemase Boys-keeper Jouke Bosje, dy't syn debut makke ûnder de latte, yn de einfaze net fierder koe. Trainer Henk Herder hie al trije kear wiksele, wêrnei't Beimers de keeperswanten oandie.

Folgjende wike sneon spilet Harkemase Boys út tsjin VVOG.

Harkemase Boys - Jong Almere City 1-1 (1-1). 18. Tarik Evre (e.d.) 1-0, 22. Khalid Tadmine 1-1.

(advertinsje)