ONS Snits nei lykspul by ODIN'59 noch net wis fan hanthaving

12 maaie 2018 - 16:39

ONS Snits hat sneontemiddei lykspile op besite by ODIN'59 (2-2). De Snitsers binne dêrmei noch net wis fan hanthaving. De ploech fan trainer Chris de Wagt koe him by in oerwinning feilichspylje, mar wie dêrby ek noch ôfhinklik fan wat direkte konkurrint Capelle die tsjin Jong FC Twente (1-1). It ferskil is mei noch twa wedstriden te gean fiif punten tusken ONS Snits en Capelle.

Yn dizze wichtige wedstriid kaam ONS Snits goed tsien minuten foar it skoft op sportpark Assumburg op efterstân, troch in doelpunt fan Jurjen Dikker. Lang koe ODIN'59 net genietsje fan dy foarsprong, want fiif minuten letter bracht Genridge Prijor nei in knappe solo de stân wer yn lykwicht.

Lykspul

Nei it skoft gie ONS Snits op jacht nei in foarsprong en dy kaam der. Healwei de twadde helte sette Serge Fatima de Snitsers oan de lieding. Dyselde Fatima wie even letter mei in kopbal ticht by syn twadde goal fan de middei, mar dy gie der net yn. In kertier letter wie it oan de oare kant wol raak. Milo Cremers sette de lykmakker op it skoareboerd.

Folgjende wike sneon spilet ONS Snits thús tsjin Spakenburg.

ODIN'59 - ONS Snits 2-2 (1-1). 33. Jurjen Dikker 1-0, 38. Genridge Prijor 1-1, 64. Serge Fatima 1-2, 77. Milo Cremers 2-2.

Trefwurden: 
Odin'59 ONS Snits fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)