Dit jier gjin distriktskampioenskip tiidriden yn Nijhoarne

12 maaie 2018 - 14:53

Nei fjouwer edysjes komt der dit jier gjin distriktskampioenskip tiidriden op woansdei 30 maaie yn Nijhoarne. De Stichting Wielerpromotie Olympia (S.W.P.O.) kin de saak organisatoarysk net rûn krije. De organisaasje is no yn hannen fan Cycle Sport Groningen. Dy organisearret de wedstriid op tongersdei 7 juny yn it Drintske Zeijen.

(advertinsje)