Team Aengwirden/Tromp wint alvestêderoeitocht

12 maaie 2018 - 14:29

It kombinaasjeteam Aengwirden/Tromp mei 12 teamleden út It Hearrenfean, Leiden en Hilversum hat sneon de 33ste edysje fan de alvestêderoeimaraton wûn. Se wiene goed in minút flugger as de nûmer 2, Gyas út Grins.

De start fan de 210 kilometer lange roeiwedstriid wie freedtejûn om acht oere yn de Prinsetún yn Ljouwert en de winners kamen sneontemiddei krekt nei ienen oer de finish by De Froskepôle. Der diene 97 teams út binnen- en bûtenlân mei.

Trefwurden: 
alvestêderoeitocht roeien
(advertinsje)