Dielnimmers alvestêdekuiertocht oer de finish yn Ljouwert

12 maaie 2018 - 14:12

Hûnderten dielnimmers oan de alvestêdekuiertocht komme sneon oan yn it sintrum fan Ljouwert. De finish is by skouboarch De Harmonie. Tiisdei begûnen de kuierders oan de tocht oer goed twahûndert kilometer. Der wie ek noch in ferzje fan trije dagen en guon minsken rûnen ien dei mei. In soad útfallers wiene der net en it moaie waar hat dêr flink by holpen.

(advertinsje)