Op syk nei de wolf mei Roel Vriesema fan Steatsboskbehear

12 maaie 2018 - 13:40

De súdeasthoeke fan Fryslân is in ideaal gebiet foar de wolf. Der is iepen fjild om te jeien en der binne genôch plakjes om te skûljen. Dat seit Roel Vriesema fan Steatsboskbehear. Mids april waard yn dit gebiet mooglik in wolf sjoen. Boppedat wiene der sân deabiten skiep yn dy omkriten. Oft it echt om in wolf gie sil moandei bekend wurde, as de útslach fan it DNA-ûndersyk der is. 

Nei meldingen yn Grinslân, Drinte, Oerisel, Utrecht en Limboarch liket it derop dat de wolf no ek Fryslân berikt hat. It giet oant no ta allinne noch om solitêre wolven; der binne noch gjin 'roedels' yn Nederlân.

Snein yn it radioprogramma Buro de Vries tusken 11.00 en 12.00 in wiidweidiger ferslach fan de syktocht nei de wolf. Ferslachjouwer Geartsje de Vries gie mei Roel Vriesema fan Steatsboskbehear it gebiet yn, yn de hoop spoaren fan in wolf te finen.

(advertinsje)