Fjouwer hynders ôfmakke fanwege besmetlik hynstefirus

12 maaie 2018 - 13:47

In besmetlik hynstefirus grypt om him hinne yn it suden fan de provinsje. Ferline wike waard bekend dat op in hynsteklinyk yn Aldeholtpea it saneamde rhinofirus útbrutsen wie. Yntusken is dúdlik wurden dat ek in maneezje yn de buert en twa partikuliere hynstehâlders besmet binne. Yn totaal fjouwer hynders binne ôfmakke, omdat se ferlammingsferskynselen hienen. De klinyk wurdt op dit momint skjinmakke en de hynders binne yn karantêne ûnderbrocht yn in foarsjenning fan de provinsje. Foar minsken is it firus net skealik.

Feedokter Marco de Bruijn tinkt dat it djiptepunt berikt is en dat se de situaasje ûnder kontrôle ha. Hy seit der wol by dat faksinaasje fan de hynders belangryk is en hopet dat eigeners fan it belang dêrfan oertsjûge binne. Kommende woansdeitejûn is der in ynformaasjebyienkomst yn it Van der Valkhotel yn Wolvegea.

(advertinsje)