Frijwilligers helpe manmachtich mei oprêden At the Watergate

12 maaie 2018 - 12:20

"Nei in lekker itentsje bliuwe je altyd mei de ôfwask sitten." Dat sei sneontemoarn artistyk direkteur Ben van der Knaap fan At the Watergate tsjin de tsientallen frijwilligers, dy't harren sammele hiene by it Bogerman College yn Snits. Binnen stiene tûzenen bêden, dy't eins allegear sneon noch oprêden wurde moatte. Of yn alle gefallen foar moandei, want dan begjinne de eksamens.

In meunsteroperaasje dy't de organisaasje sûnder frijwilligers net oprêde soe. Dêrom kamen se freed mei in needgjalp om help en dy hat fertuten dien. Mei man en macht wurdt op dit stuit it Bogerman leechhelle, wêrnei't de ploech ek noch oan de slach sil op in oare skoalle. Dêr steane nochris tûzenen bêden.

(advertinsje)