FOTO: Oldtimers Alvestêdetocht op Saailân yn Ljouwert

12 maaie 2018 - 11:12

Yn Wikel is sneontemoarn de 33e edysje fan de Alvestêde Rally foar oldtimers fan start gien. De rûte gie fansels ek troch Ljouwert. Fanwege Kulturele Haadstêd wie de stimpelpost dizze kear net op yndustryterrein De Hemrik, mar op it Saailân yn de binnenstêd fan Ljouwert. Oan de tocht dogge 600 dielnimmers mei: 400 auto's en 200 motoaren. De oldtimers binne allegearre fan foar 1950.

De organisaasje fan de Alvestêde Rally is yn hannen fan de Stichting Friese Oldtimer. Wethâlder Friso Douwstra hat yn Ljouwert de stimpels útdield oan de dielnimmers. De klassike auto's en motoaren wurde tusken 15.30 en 19.00 oere ferwachte by de finish yn Sleat.

(advertinsje)
(advertinsje)